Fergoeding foar útsichtferlies
In famylje dy't útsjocht op it asylsikerssintrum yn Dokkum, krijt planskeafergoeding. De famylje hie dêrom frege om't troch de komst fan it azc har útsicht fuort is en der mear lawaai en lêst ûntstien is. Neffens in advysburo hat de famylje gelyk. It kolleezje fan Dongeradiel betellet de fergoeding fan 6600 gûne, mar wol dat ferhelje op it COA.