Mishanneling yn Ljouwert

25 okt 2001 - 00:00

In 45-jierrige Ljouwerter is woansdei skopt, slein en bedrige mei in mes troch in 23-jierrige stedsgenoat. Doe't in oar dêr wat fan sei, waard dy ek mei in mes bedrige.

Mooglike oanlieding foar de mishanneling wie dat de fertochte in famke lestich foel by it pinnen en dat it slachtoffer sei dat er har gewurde litte moast. De fertochte is ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)