Tekst fan oerienkomst iepenbier

© Omrop Fryslân
De ûntslachoerienkomst mei boargemaster Van Maaren is iepenbier makke. Nei de krityk fan de ôfrûne dagen wol de Ljouwerter gemeenteried iepen wêze oer it opstappen fan de boargemaster.
Yn de tekst stiet dat beide partijen gjin ynformaasje oer elkoar nei bûten bringe meie, allinne nei't de oar dat goedkard hat. Neist 1.75 miljoen krijt Van Maaren ek 80.000 yn it pinsjoenfûns.