Liberale Groepering út de ried

25 okt 2001 - 00:00

De Liberale Groepering Schiermonnikoog hâldt op te bestean. Alberts siet foar dy partij yn de ried en hâldt dêr ek mei op. De lêste tiid wie der mar ien persoan aktyf dy't alle bestjoersfunksjes ferfolle. Op de lêste ledegearkomste kamen gjin leden.

Neffens Alberts hat it te krijen mei it âld-riedslid Lancee. Dy ferfear nei Spanje nei in ûndersteld ynsest-affêre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)