Flinke winst foar SC Hearrenfean

25 okt 2001 - 00:00

SC Hearrenfean hat Ajax woansdeitejûn yn it Abe Lenstra Stadion folslein ôfdroege. De Friezen wûnen mar leafst mei 5-1. Foar de Amsterdammers wie it har earste ferlies yn dizze kompetysje. Ajax bliuwt wol koprinner.

Foar rêst kaam Ajax op foarsprong. Yn de 45e minút make Allbäck de gelykmakker. Nei rêst skoarde De Nooijer twa kear, Allbäck nochris en ek Denneboom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)