Autoracen by Oerterp mei net

24 okt 2001 - 00:00

De gemeente Opsterlân en de plysje sizze dat it dien wêze moat mei it autoracen op yndustryterrein A7 by Oerterp. Jongerein organisearje dêr al wikenlang wedstriden mei snelle weinen en dat is neffens de gemeente libbensgefaarlik.

De racerij fynt alle freeds plak. Tiisdei hat de gemeente oerlis hân mei de plysje. Dizze wike noch sille der maatregels naam wurde. Hokker is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)