Plan ferbining Iselmarplakken

24 okt 2001 - 00:00

Der binne plannen om de havenplakken om de Iselmar hinne mei inoar te ferbinen. It giet hjir om it saneamde 'Sail Track projekt'. De bedoeling is dat skippen fan de brune float de minsken fan de iene nei de oare kant fan de mar bringe.

De skippen dy't dêr foar nedich binne komme fan it bedriuw De Zeilvaart yn Enkhuzen. Direkteur Winkel hopet dat hjir yn 2003 mei út ein set wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)