Earste skippen strontrace binnen

© Omrop Fryslân
De strontrace is dien. Ut de swiere klasse waard De Verandering fan Paul Velthuis earste. Yn de lichte klasse einige Marcel Juffermans mei de Groote Juffer as earste. Hy kaam om 11.03 oere yn Warkum binnen. It swierdere skip wie der fiif minuten letter.
De strontrace is in wedstriid mei tradisjonele skippen dy't farre tusken Warkum en Warmond yn Súd-Hollân.