Omrop wol stikken ynsjen

24 okt 2001 - 00:00

Omrop Fryslân hat de gemeente Ljouwert easke om de stikken oangeande it opstappen fan de boargemaster yn sjen te meien. De omrop docht in berop op de Wet Iepenbierheid fan Bestjoer.

Earder hat de Omrop dit 'wapen' brûkt by de provinsje Fryslân oer de kwestje by kompjûterbedriuw SCI op It Hearrenfean. Dat hat doe neat opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)