Hartkamp net nei Ljouwert
Siebolt Hartkamp wurdt gjin waarnimmend boargemaster fan Ljouwert. Hy hat Nijpels frege syn namme fan de list mei mooglike kandidaten te heljen.
Nei oerlis mei de fraksjefoarsitters fan Snits, dêr't er al jierren boargemaster fan is, hat er him weromlutsen. Syn primêre taak leit yn Snits, sa hat er de Kommissaris fan de Keningin witte litten.