PvdA wol hegere boetes

24 okt 2001 - 00:00

Foar lytse geweldsdelikten moat in hegere boete betelle wurde. Dat wol de PvdA yn Ljouwert. De boetes foar it oanrjochtsjen fan fernielingen en it pisjen yn it iepenbier moatte op syn minst twa kear sa heech wurde.

De partij stelt yn it ferkiezingsprogram foar takom jier út dat Ljouwert as earste stêd yn Nederlân geskikt is foar it eksperimint mei hegere boetes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)