Modder feroarsaket ûngelokken

24 okt 2001 - 00:00

De fraach nei ferkearsbuorden dy't warskôgje foar modder op 'e dyk is ferdûbele. Boeren litte in spoar fan modder achter as se biten fan it lân helle ha. It oare ferkear hat dêr lêst fan.

Yn Grinslân wurde twa bouboeren ferfolge foar dea troch skuld yn it ferkear, om't se gjin boerd by de dyk hienen. In fytser dy't ûnderút gie stelde in boer út Weidum oanspraaklik foar it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)