SP wol spesjale riedsgearkomste

23 okt 2001 - 00:00

De Socialistische Partij wol in spesjale riedsgearkomste belizze oer de kwestje Loekie van Maaren. De SP easket iepenheid fan saken oer it fuortgean fan de boargemaster. De partij hat stipe frege fan de Twadde-Keamerfraksje.

Neffens de opposysjepartij ha de Ljouwerters rjocht op dúdlikheid. De 'swijplicht' wurdt net skeind neffens de partij troch de rop om iepenheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)