Haadkantoar De Fakkel ferhûzet
It haadkantoar fan de Evangelyske boekeketen De Fakkel sil fanwege in snelle groei ferhûzje nei Sint Anne. Fjouwer jier lyn gong it bedriuw om deselde reden fan Ljouwert nei Berltsum.
It nije gebou fan De Fakkel sil fiif kear sa grut wurde as it hjoeddeistige. De Fakkel hat acht winkels yn hiel Nederlân. Neffens direkteur Vergouwe sit der noch hieltiid groei yn dizze sektor.