Gjin Ajax-fans yn Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Der komme gjin Ajax-supporters nei de wedstryd Hearrenfean-Ajax woansdeitejûn yn it Abe Lenstra-stadion. It bestjoer fan Ajax wegere de 395 sitplakken te ferkeapjen, om't Ajax minimaal 600 plakken easket. Hearrenfean stelde foar de stuoltsjes út it gastefak te heljen, sadat der 600 steanplakken ûntsteane.
Ajax gong dêrmei akkoart, mar fuotbalbûn KNVB woe hjir net oan meiwurkje.