Rampebestriding better regelje

23 okt 2001 - 00:00

De rampebestriding yn West-Stellingwerf moat better regele wurde. Dat docht bliken út it evaluaasjerapport fan de brân by Recycling Wolvegea op 31 maaie. By de brân kaam asbest frij.

Ut de evaluaasje die bliken dat de ûnderlinge kommunikaasje net goed wie en dat wethâlders Werkman en Sloot inoar foar de fuotten rûnen. De brânwachtkommandant wie telefoanysk net berikber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)