Cowgill fan Aris blessearre
C.J. Cowgill, de Amerikaanske oanfaller fan basketbalferiening Aris komt foarearst net mear yn aksje. Troch in ljiskblessuere is spyljen foar him ûnmooglik wurden.
Cowgill is foar behanneling werom gien nei Amearika. Wannear't hy werom komt nei Ljouwert is net bekend. Cowgill wie in wichtige spiler foar Aris. Sûnt syn komst wie hy de meast produktive spiler.