Deade by ûngelok
By in autoûngelok is moandeitemoarn in frou út Goutum omkommen. Se botste op de Oeriselsestrjitwei tusken Goutum en de Werpsterhoeke troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam.
In ambulânse dy't tafallich foarbyried hat noch earste help jûn, mar de frou wie al stoarn. De plysje makket tiisdei de identiteit fan it slachtoffer buorkundich.