Swijplicht mei wetlik net

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert en âld-boargemaster Van Maaren kinne inoar net kontraktueel in swijplicht oplizze. Dat seit heechlearaar Elzinga. 'It kontrakt dat ôfsluten is, hat gjin rjochtsgrûn.'
Neffens heechlearaar Dölle binne wethâlders altiten ferplicht fragen fan riedsleden te beantwurdzjen. De amtnersfakbûn CFO is ek min te sprekken oer de swijplicht en de dêroan keppele boete.