Hartkamp waarnimmer Ljouwert?

© Omrop Fryslân
Boargemaster Hartkamp fan Snits is benadere om waar te nimmen yn Ljouwert. Hy wol dat wol dwaan, mar allinnich as er dan frijsteld wurdt fan syn wurk yn Snits. 'Ljouwert is net in post om der sa even by te dwaan,' sa sei Hartkamp.
Foarearst nimt wethâlder De Haan de taak fan boargemaster waar. Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel is tydlik korpsbehearder fan de plysje.