Middenstip stadion FC Grins wei

20 okt 2001 - 00:00

4 supporters fan fuotbalklub Hearrenfean hawwe de middenstip út it stadion fan FC Grins stellen. Se hawwe dêrmei wraak nommen op oanhingers fan FC Grins. Dy hawwe earder it byld fan Abe Lenstra, foar it stadion fan Hearrenfean, opferve yn de FC Grins-kleuren grien en wyt.

FC Grins hat in klacht yntsjinne by de plysje. De dieders wiene te sjen op de bewakingskamera's fan it stadion.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)