Sweltsjes ferlieze fan Snits

© Omrop Fryslân
Yn de earste ronde foar de Noardlike beker hat sneons-haadklasseklub De Ljouwerter Sweltsjes kânsleas mei 1-4 fan sneins-haadklasser Snits ferlern.
Nei in 1-0 foarsprong foar de Ljouwerters troch in goal fan Johan Wijsma, wie Erik Overzet fan Snits net mear te gripen. Hy skoarde mar leafst trije kear yn dizze wedstriid. Dennis Schat makke ek in doelpunt foar Snits.