Weert: ferheard oer Van Maaren

20 okt 2001 - 00:00

Yn Weert is ferheard reagearre op it nijs dat frou Van Maaren opstapt is as boargemaster fan Ljouwert. Van Maaren wie, foardat se yn Ljouwert kaam, acht jier boargemaster fan Weert.

In soad minsken fûnen it spitich dat se dêr twa en in heal jier lyn fuort gong. Benammen by it trochfieren fan de stedsfernijing wie se de binende faktor yn de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)