'Museum yn âlde Hûs fan bewar'

20 okt 2001 - 00:00

De direkteur fan it Frysk Museum yn Ljouwert, Cees van 't Veen, sjocht goede kânsen foar in museum foar moderne keunst yn it âlde Ljouwerter Hûs fan bewar. Hy sei dat freed op in gearkomste yn keunstsintrum Parnas yn Ljouwert.

Nei alle gedachten komt de finzenis mei 3 oant 5 jier frij. Koartlyn is it gebou op de monumintelist kaam, wat betsjut dat it net ôfbrutsen wurde mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)