Twa minsken dearekke by ûngelok

19 okt 2001 - 00:00

By in slim auto-ûngelok op de grutte dyk tusken Frjentsjer en Dronryp binne tongersdeitejûn twa ynwenners fan Ljouwert om it libben kaam. It giet om twa manlju fan 34 en 23 jier. By Peins hellen se in pear auto's yn en rekken dêrby troch noch ûnbekende oarsaak yn in slip.

De auto kaam yn 'e feart telâne. Mei in kraan is de auto út it wetter teakele. De manlju binne letter yn it MCL stoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)