Pyt van der Zee-priis '01 takend

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten hawwe de Pyt van der Zee-priis takend oan de Jeugdteaterskoalle fan Fryslân. Dizze nije trijejierlikse priis bestiet út in bedrach fan 4000 gûne en in oarkonde.
De Jeugdteaterskoalle kriget de priis omdat dy as ien fan de pylders sjoen wurdt ûnder de takomst fan it Fryske amateurtoniel. De skoalle jout les yn tonielspyljen, dûns en sjongen.