Kettingaksje tsjin Nuon-wetter

© Omrop Fryslân
Cor Jousma fan Feanwâlden is in kettingaksje begûn tsjin Nuon-wetter. Hy fynt as partikulier en gewoan ôfnimmer fan liedingwetter dat it haadkantoar net fan Ljouwert nei Apeldoorn ferhúzje moat, ek net yn ruil foar in kennissintrum.
De Feanwâldster seit dat er as aktyf lid fan de Fryske Beweging de beskikking hat oer in grut netwurk. Neffens him sil in email-kettingaksje wol oanslaan.