Skipper Zwaga mooglik skrast

© Omrop Fryslân
Ulbe Zwaga wurdt mooglik skrast as skipper fan it Ljouwerter skûtsje. Dat wol it bestjoer fan de SKS. Zwaga hat fan 't simmer meifearn op it skûtsje De tiid sil 't leare fan Talsma yn de IFKS. Hy soe tefolle oan it helmhout stien ha.
Neffens de regleminten meie SKS-skippers net as skipper oan IFKS-wedstriden meidwaan. Zwaga is frege oer syn eigen posysje nei te tinken.