Frânske Brada doelwyt fan boeren

© Omrop Fryslân
In dochter fan de Fryske Brada Groep is yn Frankryk doelwyt wurden fan protestaksjes fan boeren. Brada, dat ek in festiging yn Ljouwert hat, hat besletten de Frânske festiging yn Bretanje te sluten.
Sa'n 300 boeren ha fan it wykein it gebou bestoarme en it fleis op strjitte goaid. De Frânske feehâlders fiere aksje. Se wolle dat fleisferwurkjende bedriuwen inkeld Frânsk fleis brûke.