3 manlju fêst foar brânstifting

17 okt 2001 - 00:00

Justysje hat trije Drachtsters fan 18, 19 en 21 fêstnommen fanwege brânstifting út rasistyske motiven. De manlju wurde fertocht fan brânstifting yn 'e Drachtster skeakelklasse yn 'e nacht fan 16 op 17 septimber.

De fertochten hawwe yntusken tajûn dat se bewust de skeakelklasse yn brân stutsen ha út rasistyske motiven. De skoalle hat in soad asylsikers as learling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)