Mear twongen opnamen pasjinten

© Omrop Fryslân
Mear psychiatrysk pasjinten sille ferplicht opnommen wurde. De gemeente Ljouwert ferwachtet dat dat jierliks 100 minsken binne. Dat is in ferdûbeling.
Dat komt om't der mear ferslaafden en dakleazen binne mei psychyske problemen. Der komt boppedat in psychiatrysk sintrum yn de Fryske haadstêd. In twongen opname fynt plak as de persoan in gefaar is foar syn omjouwing.