Aksje foar behâld direksje Nuon

17 okt 2001 - 00:00

In lulke gemeenteried hat boargemaster Van Maaren tiisdei de opdracht jûn om alles op alles te setten om de haadfestiging fan Nuon-wetter yn Ljouwert te hâlden. Nuon-wetter wol de haadfestiging yn Apeldoorn festigje.

Van Maaren sei ta dat se har bêst dwaan sil. Likegoed achtet se de kâns lyts dat it haadkantoar yn Ljouwert bliuwt. Juristen sille de saak útsykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)