FNP-aksje foar postagintskippen
De FNP wol dat de provinsje en minister Netelenbos yn aksje komme tsjin it plan fan 'e PTT om op 'e nij postagintskippen te sluten. De PTT wol ûnder oaren de loketten yn Lekkum en Warns slute. Neffens de FNP wurde âlderen en handikapten de dupe fan dizze maatregel.
De FNP wol dat de provinsje by minister Netelenbos protestearret tsjin it plan om postagintskippen te sluten.