Wer jirpeldolle troch moaie waar

16 okt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It moaie waar hat de Fryske boeren bliid makke. Se koenen de lêste dagen aardich wat ierappels en sipels dolle. Fan de 40 prosint fan de poatjirpels dy't foar it wykein noch yn de grûn sieten, moat no noch in kwart út de grûn.

Troch de wiete simmer binne in soad ierdappels ferrotte. Hannelshûs HZPC is ek bliid dat der wer roaid wurde kin. Se krije no wer ierpels oanfierd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)