Winkelsintrum pakt fytsers oan

16 okt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Fytsers en bromfytsers moatte tenei goed oppasse yn it winkelsintrum De Drait yn Drachten. Winkeleigners en publyk ha hieltyd mear lêst fan har en sille stranger optrede.

De plysje kontrolearret faker en skriuwt fan 1 novimber ôf ek boetes út. As warskôging ha skoalbern ferbodsbuorden makke dy't yn it winkelsintrum hingje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)