2 CD's mei Fryske berneferskes

© Omrop Fryslân
Noch dit jier komme der twa nije Fryske CD's út mei Frysktalige ferskes foar bern fan 3 oant 8 jier. It giet om ferskes fan Hindrik v.d. Meer en Geartsje Douma. De titel is 'Deuntsjes foar dy'.
Dizze wike sille 3 groepen bern út ûnder oaren Easterein, De Pein en Drachtster Kompanije de ferskes ynsjonge. Yn Ljouwert wurdt op it stuit ek in CD foar pjutten makke, mar dat is in oar projekt