Skieppemerk ridlik súksesfol

16 okt 2001 - 00:00

De earste skieppemerk tiisdeitemoarn yn it FEC yn Ljouwert is ridlik súksesfol ferrûn. Der wiene 800 skiep, wat minder as ferwachte, en de prizen wiene heech. Der wiene in protte hannelaren, sels út België.

De lêste reguliere merk wie yn febrewaris. Sûnt de tongblierkrisis moatte de feemerken oan strange easken foldwaan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)