Rasisme net it motyf by brân

© Omrop Fryslân
Rasisme hat net it motyf west fan de brânstifting, sneontenacht yn it hûs fan in butelânske frou yn Drachten. Dat hat de plysje tiisdeitemoarn bekend makke.
De brân soe oanstutsen wêze troch in famyljelid fan de frou. Dy hat neffens de plysje pamfletten yn de tún fan de frou smiten, om sa te suggerearjen dat der rasisme yn it spul wie. Der binne noch gjin fertochten oanhâlden.