Jouster wol mear klokmakkers

15 okt 2001 - 00:00

De romrofte Jouster klokmakkerij driget te ferdwinen. It finen fan betûfte wurkkrêften is hieltiten dreger. Klokmakker Jacob ten Hoeve wol dêrom út ein sette mei in oplieding foar jonge oerwurkmakkers, op 'e Jouwer.

Op it stuit binne der op De Jouwer noch trije klokmakkers. Yn de 19e ieu wiene dat der njoggentich. De Jouster sturtklok is ferneamd oer de hiele wrâld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)