Koart sportnijs

15 okt 2001 - 00:00

De Flyers hawwe in bêst wykein hân. Nei de winst yn de ekstra tiid, sneon tsjin Amsterdam, wûnen se snein thús mei mar leafst 9-1 fan Geleen. De measte doelpunten foelen yn de tredde perioade.

Hearrenfeanspiler Santi Kolk giet nei RKC Waalwijk. De 20-jierrige Kolk stiet noch oant 2005 ûnder kontrakt by SC Hearrenfean. Nei dit seizoen kin RKC Waalwijk him keapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)