Untwerp keninklike flagge bekend

© Omrop Fryslân
Juliette Reniers hat de moaiste flagge ûntwurpen foar de trouwerij fan Willem Alexander en Máxima. Se hat in wedstriid wûn útskreaun troch de Dokkumer Flaggesintrale.
Op de flagge stean de gesichten fan it pear yn donkerblau en read en de houliksdatum, 2 febrewaris 2002. De twa nullen binne trouringen wurden. Moandei is de flagge yn produksje naam.