Rassistyske brân yn Drachten?

15 okt 2001 - 00:00

Unbekenden hawwe snein besocht de wente fan in 48-jierrige bûtenlânske frou yn Drachten yn 'e brân te stekken. In foarbygonger seach dat in gerdyn baarnde en warskôge de bewenster. De frou koe op 'e tiid út 'e hûs wei komme.

Yn 'e tún by de wente binne pamfletten mei rassistyske teksten fûn. De plysje tinkt lykwols net dat hate tsjin bûtenlanners it motyf is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)