Fryske pjutteferskes op cd
Der komt meikoarten in cd út mei Fryske pjutteferskes. Inisjatyfnimmer is de Stichting Pjutteboartersplak. Ald-pjutten binne drok oan 't oefenjen yn studio Gytsjerk foar de opnames fan oare wike.
It skiifke wurdt op moandei 19 novimber presintearre yn Theater Romein te Ljouwert. Der is grut ferlet fan ferskes foar Frysktalige pjutten.