FNP Ljouwerteradiel is lilk
De FNP yn Ljouwerteradiel is skrokken fan de flaters fan 'e gemeente by it ôfjaan fan boufergunnings. Dat stiet yn in brief oan B en W. De fraksje ferwyt it kolleezje dat se net earder maatregels nommen hat.
Freed waard bekend dat de gemeente ûnder tafersjoch fan it ministearje fan VROM steld is. De FNP easket no iepenheid fan saken.