Goed herstel SC Hearrenfean

14 okt 2001 - 00:00

SC Hearrenfean is goed weromkommen nei it 1-2 ferlies tsjin FC Utrecht fan woansdei. De Friezen fersloegen sneon yn eigen stadion AZ mei 2-1.

Marcus Allbäck makke nei in oere de beslissende treffer út in floeiende oanfal fan Hearrenfean. Eefkes letter krige AZ-oanfaller Max Huiberts in reade kaart. Hy hie Ronnie Venema yn it liif trape.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)