Muorke yn Fryske tsjerke yn Rome

© Omrop Fryslân
Sneon is út ein set mei it metseljen fan in muorke yn de Fryske tsjerke yn Rome. Damsma fan De Jouwer hat de ôfrûne 16 jier 2700 kleastermoppen fan âlde Fryske tsjerken sammele. Dêrfan binne 500 nei Rome brocht.
Damsma, syn frou en dochter en inkelde boufakkers binne freed nei Rome flein. Damstra wie eins fan doel om in kapeltsje te bouwen, mar dat mocht net.