Twivel oan Wynmûnepark Ofslútdyk

12 okt 2001 - 00:00

It kabinet is it freed net iens wurden oer de bou fan in wynmûnepark by de Ofslútdyk. Minister Jorritsma fan Ekonomyske saken is der flak foar, mar steatssiktaris Geke Faber freget har ôf oft de Ofslútdyk wol it goeie plak is.

Nije wike wurdt der fierder praat oer it wynmûnepark by de Ofslútdyk. Mooglik falt dan ek it beslút. It park soe it grutste fan Nederlân wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)