Wyldgroei yn dunen Bakkefean

© Omrop Fryslân
Bewenners fan Bakkefean fine dat der de lêste jierren tefolle 'wyldgroei' is yn 'e eardere Keale Dunen. Frou Portengen is sels in hantekeninge-aksje tsjin de wyldgroei begûn yn 'e doarpskrante.
De Bakkefeanster wolle dat behearder It Fryske Gea de wyldgroei oanpakt. Ultsje Hosper fan It Gea seit dat it lestich is om de wyldgroei fuort te heljen, mar wol it wol besykje.