Ferlies foar SC Hearrenfean
SC Hearrenfean hat woansdeitejûn thús ferlern fan FC Utrecht. Troch it 1-2 ferlies litte de Friezen de kâns op it tredde plak yn de Earedivyzje lizze. Foar de Utrechtse ploech wie it de earste út-oerwinning.
Denneboom iepene de skoare foar de ploech fan trener Foppe de Haan. Tanghe en Jochemsen kamen de Fryske doelman beide foarby.