Tongersdei op 'e nij aksjes

© Omrop Fryslân
Tongersdei wurdt yn Ljouwert op 'e nij in demonstraasje hâlden tsjin de oanfal fan de Amearikanen op Afghanistan. It giet om in inisjatyf fan de aksjegroep Leeuwarden voor Vrede. De groep wiist wraak en ferjilding ôf en is benaud dat dêrtroch noch mear ûnskuldige slachtoffers falle sille. De aksjegroep tinkt fierder dat de foaroardielen oer moslims slimmer wurde sille.